Biografy

Hylke Speerstra is berne op 7 juny 1936 berne as boeresoan te Iemswâlde, buorskip ûnder Tsjerkwert. Hy folge lânbouûnderwiis en mei troch selsstúdzje begûn er syn sjoernalistike karriêre by it Fries Landbouwblad. Letter wurke er by de Friese koerier. Fan syn kollegaredakteuren Fedde Schurer, Laurens ten Cate en Rink van der Velde stiek er in soad op.

Yn 1970 waard er haadredakteur fan it skipperswykblêd Schuttevaer. Hy wie ien fan de betinkers fan it Agrarisch Dagblad. Yn 1986 waard er de earste haadredakteur en bliuwt yn dy funksje oant hy yn 1989 haadredakteur fan de Leeuwarder Courant waard. Dêr hat er wurke oant er mei de VUT gie yn 1996. Doe krige er echt de tiid om boeken te skriuwen.
  Hylke Speerstra is op it heden de meast suksesfoll Frysktalige skriuwer. Dat komt mei troch syn oansprekkende skriuwstyl en tematyk en syn warberens fan it yn de merk setten fan it eigen wurk.

Link nei de WikipedY side fan Hylke Speerstra