Foar Gerrit Breteler
Sneon 27 maaie 2023

Foar Gerrrit Breteler
27-8,1954 - 18-5, 2023
____________________________
Ynienen bisto gien
Oer eigen paad nei d’ ein
Wylst ik, al by de lêste hikke
Te wachtsjen stie om dy te sizzen
Datsto te kostber biste om te gean
Der is safolle noch te dichtsjen
Te ferbyldzjen en te sjongen
Om sa it boadskip oer te bringen:
Slút frede mei de ierde, mei
skjinner grûn en loft en wetter
Mar do, myn dichtersfreon
Ynienen moast do gean.
Sa stean ik by de lêste hikke
Hear oan it swurk de ljurk wer sjongen
In ôfskiedssang as wolkomstliet
Ja dochs, do freon talint yn frede
By ús bliuwst op de planken stean
Te kostber om foargoed te gean.
______________________________
Hylke Speerstra, 18 maaie 2023.