Lytse file by sinjearsesje

Moandei 31 maaie 2021

Lytse file by sinjearsesje

De Gerdyk belibbe moandeitemiddei 31 maaie in lytse  file. De skriuwer traktearre syn lêzers op oranjekoeke en in hântekening yn syn nije boek Testamint fan de siel. Der kamen in lytse 300 lêzers, en der giene 25 doazenfol sinjearre  boeken mei nei hûs. “Hertferwaarmjend begjin”, sei de skriuwer, dy’t in foarskotsje naam op syn 85ste jierdei, begjin juny.