Resinsje Friesch Dagblad

Moandei 21 juny 2021

Resinsje Friesch Dagblad

RESINSJE
‘Testamint fan de siel’, tsjok boek fol oantinkens

Friesch Dagblad | 21 juni 2021 | Jaap Krol

Mei it mânske Testamint fan de siel hat Hylke Speerstra (Tsjerkwert, 1936) in punt setten achter syn literêre karriêre. Boeken as It wrede paradys (2000) en De oerpolder (2006) wiene kassúksessen en binne op wei klassikers te wurden. It literêre slotakkoard bestiet út in kombinaasje fan oral history en in frije bewurking fan de fertelde ferhalen, in spesjaliteit fan de skriuwer.


Testamint fan de siel giet oer twa Kanadeeske tachtigers, Ids Faber en Thomas Akkerman, dy’t inoar om 2009 hinne moetsje by in rodeofestival yn Calgary en roots hawwe yn Fryslân. Beide widner, binne se op in leeftyd kommen dat weromsjen in soart fan deibesteging wurdt. De mannen beslute harren ferhalen dan ek fêst te lizzen foar de neiteam.
 

y ferhalen lige der net om. Akkerman is as beuker mei syn syklike mem troch syn ûnberekkenbere heit ‘de oseaan oer sleept’. Wylst dizze heit yn Kanada mear en mear út byld rekket, moat de jonge Thomas op de ôfwikseljend smoar-hjite en iiskâlde prairy fan Saskatchewan foar syn mem soargje, dêrby holpen troch in groep Oekraïners dêr’t se mei opreizge binne.
Faber belibbet in swiere jeugd yn de wetterlannen om Akkrum hinne. Hy is de soan fan in Dútskfreonlike boer, dy’t yn de oarlochsjierren nei de Oekraïne set, mei as dream om dêr ûnder de nazi’s in superboer te wurden. Neist dizze pynlike kwestje hat Ids oare redenen om nei de oarloch fuort te gean. Sa moat er as tsjinstplichtich militêr nei Ynje, in oprop dy’t er net beantwurdzje wol, wat him yn swierrichheden bringt.

 

Eigenwize heit
De mannen hawwe in pear dingen mienskiplik: in eigenwize heit dy’t se sitte litten hat, in fysyk en geastlik swakke mem fan wa’t se beide al betiid ôfskie nimme moatte en in faam dy’t docht wat de heit net woe en de mem net koe: har feint ûnder de wjukken nimme. Wylst de (jonge) man fjochtet tsjin de ierdske eleminten en burokratyske systemen, is it dus de frou – mem, skoanmem, styfmem, faam – dy’t him opfangt, bystiet en bememket of dat yn alle gefallen dwaan wol.
En fjochtsje dogge de mannen. Speerstra is net in skriuwer dy’t him dwaande hâldt mei wat minsken driuwt of besielet. Testamint fan de siel is in jongesboek fol aventûren, yn it eachwiid fan in frou dy’t op de achtergrûn bliuwt. Soks is alhiel yn de geast fan in jongesboek, mar los dêrfan is Speerstra ek in echte ferteller, dy’t de gong deryn hâldt en prachtich skriuwe kin.

 

Ferslikje
De moaiste stikken binne de passaazjes dêr’t de skriuwer mei ympressionistyske presysje fertelt oer it Kanada en Fryslân fan de jonge Thomas en Ids. It portret fan bygelyks de Oekraïnske mienskip is mear as in yllustraasje fan de omstannichheden dêr’t Thomas mei te krijen hat. Yn de kontekst fan de grutte migraasjegolven fan de foarige ieuw is it foar ús ek in ûnbekende skiednis, dy’t sjen lit hoe ûnferwacht it libben ferinne kin, seker foar de ûnwittende emigrant.


Dêr foaroer ferslikket Speerstra him soms yn syn eigen ferhaaltrie. As dyselde Thomas each yn each komt te stean mei it noch lege grêf fan syn ferstoarne kameraatsje, dêrnei sjocht hoe’t syn mem him troch it iis sakje lit en fuortdriuwt, yn shock troch de snie nei de earste de bêste trein sjokt, dêrby de stjerrehimel as kompas brûkt, syn finger brekt by it opstappen yn de trein én dêr each yn each komt te stean mei it lyk fan syn ferstoarne kameraatsje, dan tink ik dochs foaral oan it feit dat dit jonkje amper trettjin jier is. Fertelle is leauwensweardich lige, mar je kinne in ferhaal ek sa sterk meitsje dat it net mear leauwens-weardich is.
It is in opmerking by in boek dat it ferline net opskriuwt, mar ta libben bringt. Dat libbene jildt foar it hiele oeuvre fan Hylke Speerstra. As it om lytse minsken giet werhellet de skiednis him noait; je hawwe fertellers nedich om se net te ferjitten dan wol ûnferjitlik te meitsjen. Sa besjoen is Testamint fan de siel in weardich slot fan in bysûndere karriêre.