Resinsje Ljouwerter Krant | ★★★★☆ | 18-6-2021 | troch Doeke Sijens
Ids is as folwoeksene nei Kanada ymmigrearre, Thomas wie noch in bern doe’t er mei syn âlden út Fryslân wei de oseaan oerstuts. No binne it beide âlde mannen (en widners) at se inoar foar it earst treffe by de Calgary Stampede, 'it grutste rodeo festival fan Kanada'.
De moeting makket by de manlju in soad oantinkens los en it ferlet om noch in lêste kear te besykjen alles út it ferline te oarderjen. Bytiden binne se mei har emoasjes oan en bemoedigje inoar. ‘De siel is de boarne fan al ús tinken, fielen en wollen. Sa’t it lichem net sûnder iten en drinken kin, sa kin de siel net sûnder frijheid, leafde en rjochtfeardichheid.’ Om’t se net ticht byinoar wenje ûntwikkelje se yn de moannen folgjend op de moeting in systeem om ferhalen út te wikseljen, dy’t op in boek foar de bern útrinne moatte. Sa ûntstiet in tige nijsgjirrige rige oantinkens, dêr’t de skriuwer syn talint as ferteller goed yn kwyt kin.
Benammen de bittere jeugdjierren fan Thomas yn de provinsje Saskatchewan binne prachtich beskreaun. Ids hat it minder earmoedich yn Fryslân hân, mar ek hy hat in ûnferskillige en geregeld ôfwêzige heit hân. Sokke heiten wurden geregeld tige neutraal ‘ús ferwekker’neamd. ‘It wie de langst nei in heit sa’t ik him graach ha woe, as in freon en sielsferwant […] Ik wol ek net it troch sieleleed skansearre bern fan trijefearns iuw wêze. Ideale heiten binne der net, sa’t der ek gjin ideale soannen binne.’
Bysûnder meinimmend binne de stikken oer hoe’t de beide âlde mannen meiinoar omgeane. Beide kwetsber, dôf, samar wurch. Speerstra brûkt dan gauris wurden as ‘toffelje’ en ‘stroffelje’ mar hy makket ek dúdlik dat Ids en Thomas noch lang net fersliten binne. Tige krekt wurdt de geastlike tastân fan de twa neigien. ‘Do bist as ymmigrant yn de twadde en lêste faze fan ûnwennigens bedarre,’ fertelt Thomas oan Ids. ‘Ik ha dat net, omdat der foar my nea wie om ûnwennich fan te wêzen. Myn woarteltjes sieten net sa djip yn de âlde ierde, myn taal emigrearre mei.’
Moai wurdt ek de omgong mei de nije generaasje beskreaun, bern en bernsbern binne wakker wiis mei de pakes (‘Wat hearlik dat jim noch sa fitaal binne’), mar se wurde ek op in ôfstân hâlden. ‘It iennichste wat net yn de kompjûters sit, is it libben en hoe’t wy dat ferwurke ha.’ In bysûnder boek, mei noch in lêste winteling fan it lot op de lêste pear siden, dy’t de lêzer net oankommen sjocht en dochs folslein logysk fynt.